It

It Spoar Werom is in grut sukses wurden!

Werom

Werom sjen op It Spoar Werom

Wat ha wy in pracht tiid hân yn Easterein mei It spoar werom…
Mear as 4.000 minsken ha de foarstelling sjoen en nei ôfrin wiene der allinne mar geweldige reaksjes. Elkenien wie ûnder de yndruk fan it ferhaal en de opset fan it gehiel: earst yn it kafee, dan om de tsjerke, dêrnei yn de prachtige Martinitsjerke en dan troch de fersierde strjitte faaks wer nei it kafee.

Wat ha wy in moaie gearwurking hân mei al dy Eastereiners, dy’t it mooglik makke ha om ús plannen te realisearjen… hulde dêr foar.
Wat hiene wy prachtige koaren alle kearen by de foarstelling: ferdield yn meardere groepkes oars wiene der tefolle; sa’n 60 hiene harren opjûn… hulde!
Wat ha we in skitterende gearwurking hân mei Tseard Nauta en Sjoukje Heins-Scheltema, sûnder dy twa hie it net kinnen allegearre… hulde!
Wat ha wy (en elkenien ) genietsje kinnen fan it spyljen fan gastspiler Thijs Meester…
in pracht Sally de Jong… hulde Thijs.
Wat wiene de figuranten pracht minsken en altyd fol ynmoed yn prachtige klean stean wêr’t se stean moasten… hulde jimme allegearre.
Wat waard de muzyk fan Tseard fantastysk sfearfol spile bûten de tsjerke; minsken wiene tige oandien as se it hearden… hulde oan de blazers!
Wat hiene we in goeie technyk mei Edwin en syn staazjeman Senne, alles wie der altyd perfekt mei ljocht en foaral lûd, prima… hulde mannen.
Wat ha we moai gearwurke mei André Vink, de altyd oanwêzige koster fan de tsjerke: Hy kaam en komt foar ‘syn tsjerke’ op… hulde André.
Wat ha wy in geweldige ploech frijwilligers hân om alles sawol achter de kleden as yn it doarp te regeljen… hulde!
En dan fansels Bruun, dy’t allles byelkoar brocht hat… Wat geweldich!

Allegearre nochris tige tige bedankt foar jimme krewearjen!
Foar mear ynformaasje en reakties oer It spoar werom klik hjir

HULDE!"

HULDE!

En dan ús nije produksje en dit hat, hoe kin it ek oars, de titel: Hulde!
Arend en Geartsje binne 60 jier troud.
Dat moat fierd wurde fansels en de bern en bernsbern sjonge harren ta en dogge it ABC fan it libben.
Dat bringt Arend en Geartsje werom yn de tiid fan doe’t se jong wiene en elkoar foar it earst seagen en sa glidet it hiele libben foarby mei dêrby de muzyk dy’t doe te hearren wie.
It is in foarstelling mei humor brocht en in grut ‘ Och heden ja…’ gehalte.

HULDE! is kreaun troch Peer Wittenbols (2024) en yn it Frysk oerset en bewurke troch Marijke Geertsma en Jan Arendz (2025)

‘’De foarstelling Hulde! is herkenber, ûntroerend en hilarysk tagelyk…”

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer HULDE!

© Copyright JM Teaterwurk 2026