Wat

Wat stiet der op ‘e rails yn ‘e takomst.

Foar 2025 ha

Foar 2025 ha wy in hiel bysûnder projekt op priemmen

Yn 2025 is de betinking fan 80 jier nei 1945 en dêr wurdt rûnom yn Fryslân omtinken oan jûn en wy ha de rjochten krije kinnen fan it boek Had het anders gekund fan Abel de Jong.

It ferhaal:
Abel de Jong is de soan fan Sally de Jong, in twaillingbroer fan Lou de Jong.De skriuwer fan de boeken: Het Koninkrijk Der Nederlanden in de Tweede Wereldoorlog
Abel wurdt as 2 jierrich jonkje yn de oarloch nei in ûnderdûkadres brocht.
As folwoeksen man giet Abel op syk nei it ferhaal fan syn heit en mem, dy’t besykje as flechteling ûnderdak te finen, mar de oarloch net oerlibje.
Wat betsjut it om achter te bliuwen as bern nei it ferstjerren fan je âlders nei in oarloch.
Abel freget him ôf: “Hie it net oars kinnen?”
It boek is bewurke ta it prachtige ynkringend skript: IT SPOAR WEROM
In tige nijskjirrich ferhaal, dat foarm jûn wurdt troch 3 akteurs Jan, Wybe en Marijke. Deselde minsken as fan ‘Skûlje yn Jorwert’ dat sa’n sukses wie.
Dizze kear ûndersteunt en begeliedt Tseard Nauta de foarstelling muzikaal en fersoarget Sjoukje Heins- Scheltema de koarsangen.
Dit allegear yn oparbeidzjen mei Doarpsbelang, Oranjeferiening, Korps en de Toanielklup fan Easterein. En fansels net te ferjitten Kafee Bergsma.
Ek de basisskoalle fan Easterein hat dêr in oandiel yn.

It spilet him ôf op in prachtige lokaasje: De Martinitsjerke yn Easterein.
Spylperioade fan 10 april oant en mei 11 maaie, sawol op middei as ek op jûn.
De kaartferkeap giet los yn novimber. 
(Moai om as Sinterklaas- of Krystkadootsje te jaan fansels…)
Letter komt hjir mear ynformaasje oer, dus hâldt de webside yn ‘e gaten.

Foar 2025 ha

Foar 2025 ha wy in hiel bysûnder projekt op priemmen

Jan docht mei oan in nije produkje De Koffer dy’t op 8 desimber 2024 yn premjêre giet yn Snits en dêrnei rûnom yn Fryslân te sjen is.

It ferhaal fan De Koffer:
Elkenien hat as er berne wurdt in eigen koffer…
Wat foar talinten, dreamen en ferwachtings sitte deryn? En wat litst dêrfan oan de bûtenwrâld sjen?
In waarm en humorfol ferhaal oer passy. We sjogge in mearkeswrâld en ek de wrakseling mei de ûnwissens fan prestaasje en ferwachtings en de ynfloed fan de omjouwing. 
De Koffer is in Frysktalige foarstelling wêryn klassike muzyk, ballet en toaniel, ûnder rezjy fan Bruun Kuijt, in ienheid fan byldzjend muzyktéater.

De Koffer is in produksje fan Samar en wurdt spile troch
Famke Anne van der Mark, Jan Arendz, Teke Hettinga en Frans Douwe Slot

Sjoch foar mear ynformaasje en kaarten op: www.samar.frl

 

‘Fryslân

‘Fryslân ferbynt’ dei…

De provinsje hat ús stipe mei in bedrach wêrfan wy ús frijwilligers ris yn it sintsje sette mochten.
Op 22 juny ha wy dêrom gesellich tusken de middei meielkoar iten by Amicaal yn Grou.
Prachtich waar, lekker ite, in goed sin en bijprate.
Mar ek de nije plannen ûtlizze wêrfoar wy graach wer in berop op ús frijwilligers dwaan wolle.
It wie in tige slagge byienkomst mei sa’n 20 frijwilligers.
Ut namme fan de Stichting wolle wy de provinsje hjir foar tank sizze.
Tinke jo, wy wolle ek wolris in handsje helpe by Jan en Marijke stjoer dan mar in mailtsje nei jmteaterwurk@hotmail.com 
As je leaver appe dan kin dat fansels ek.

Marijke

Marijke yn petear mei Geartsje de Vries fan Omrop Fryslân

Op 7 juli fan 12.00 oant 13.00 oere wie Marijke yn petear mei Geartsje de Vries fan Omrop Fryslân.
Buro de Vries stjoert petearen ût mei minsken dy’t al wat langer meirinne sille wy mar sizze. In petear oer ferline, it no en takomst.

Noch te belústerjen by Omrop Fryslân Radio

Wy hoopje jimme allegearre te sjen by alle moais dat wy jimme de kommende tiid biede kinne!

© Copyright JM Teaterwurk 2024