Freonen

Freonen

Freon wurde fan J&Mteaterwurk

J&Mteaterwurk is oprjochte om Jan Arendz en Marijke Geertsma de kâns te jaan harren jierrenlange ûnderfining yn ‘e Fryske toanielwrâld om te setten yn produksjes, dêr’t Fryslân ferlet fan hat.
Marijke en Jan spylje al 40 jier toaniel en hawwe troch harren krewearjen foar Tryater gâns bekindheid krigen yn Fryslân. Sy steane altyd tichteby harren publyk en it teater dat se bringe, sprekt dan ek in protte minsken oan.

Jo kinne meihelpe om de plannen fan Jan en Marijke te realisearjen troch harren te stypjen.

Jo kinne FREON wurde

foar in bedrach fan € 15,- yn’t jier. Binne jimme mei syn beiden dan is it € 25,-.
It rekkennûmer is NL70RABO 0169 9798 49 op namme fan J&Mteaterwurk.
Fansels stiet it jo frij om in heger bedrach te jaan.
It is sels sa dat J&Mteaterwurk in ANBI ferklearring hat en dat jout jo it rjocht om it bedrach fan jo belêsting ôf te lûken. De ponghâlder fan de Stichting Fokke Kooistra wit dêr alles fan.
Foar fragen kinne jo maile nei jmteaterwurk@hotmail.com

As jo FREON binne dan soargje Jan en Marijke der foar, dat jo alle jierren in spesiale middei/ jûn yn’t foarútsicht ha. Ek krije jo de Nijsbrief tastjoerd, sadat jo op’e hichte binne fan de plannen fan J&Mteaterwurk en kinne jo as earste kaartsjes bestelle.

© Copyright JM Teaterwurk 2024