Oer

Oer J&MTeaterwurk

J&Mteaterwurk"

J&Mteaterwurk

Jan Arendz en Marijke Geertsma wolle mei J&Mteaterwurk kulturele foarstellings ta stân bringe en útfiere. Jan en Marijke binne al mear as 40 jier aktyf yn de Fryske toanielwrâld as akteur, regisseur, inisjatyfnimmer fan ferskate produksjes en alles wat der mei gearhinget. Jierrenlang yn fêste tsjinst as akteur en aktrise by de Fryske Toanielstifting Tryater, binne sy rûnom tige bekend wurden. De ‘know how’ dy’t beide akteurs hawwe, wurdt troch de Stichting ynset om de Fryske kulturele ûntjowings stimulearjen te bliuwen.

It repertoir bestiet út stikken dy‘t spesjaal makke wurde foar de ferskate doelgroepen, altyd yn nau ferbân mei Fryslân en it Fryske publyk. De foarstellings dy’t makke wurde, sille altyd ûntstean út wat J&M rekket, yn it moed taast en dwaande hâldt yn relaasje mei de Fryske kultuur, dy’t woartel sjitten hat yn de Fryske mienskip. Njonken it spyljen en regissearjen, binne Marijke en Jan ek noch dwaande mei it bewurkjen en oersetten fan toanielstikken of boeken. Boppedat fertelle se ferhalen, presintearje en jurearje sy en jouwe hja lêzingen en workshops.

Frijwilligers

J&Mteaterwurk hat in fêste ploech fan frijwilligers dy’t by de foarstellingen helpe mei ferskate dingen. As frijwilliger hearst by de minsken dy’t de foarstelling meitsje en makkest de foarstelling fan tichtby mei. Liket jo dit wat? Dan is hjir gelegenheid om jo oan te melden

© Copyright JM Teaterwurk 2024