Jan Arendz, Marijke Geertsma en Thijs Meester spylje tegearre mei musikant Tseard Nauta en in koar ûnder lieding fan Sjoukje Heins-Scheltema fan 10 april ôf de nije foarstelling It Spoar Werom, basearre op it boek Had het anders gekund fan Abel de Jong.
De foarstelling giet oer Abel, in Joadsk jonkje dat yn 1940 berne wurdt en op 2-jierrige leeftyd ûnderdûkt om te ûntkommen oan de oarloch. Syn âlders belove him dat se him sa gau mooglik ophelje sille, mar Abel wurdt noait werienige mei harren. As folwoeksenen giet hy op syk nei it ferhaal fan syn âlders: It Spoar Werom. In emosjonele syktocht fol dramatyske mominten, basearre op wier barde foarfallen.