Earste

Earste Bûsboekje 2024 útrikt oan Jan Arendz en Marijke Geertsma

Earste Bûsboekje 2024 útrikt oan Jan Arendz en Marijke Geertsma

It tema fan it Bûsboekje foar 2024 is wurden ‘Sterke ferhalen’ en sadwaande kamen de gearstallers fan it bûsboekje al gau út by J&Mteaterwurk fanwege de foarstelling Sterk Staaltsje’ dy’t Jan en Marijke yn it ferline makke hiene mei ferhalen dy’t troch har optekene wiene yn allerhande Fryske doarpen.

Mei dizze foarstelling reizgen sy de kafees en kroegen by del yn Fryslân. Ferhalen oer ryk en earm, frijsinnich en tsjerks, dûmny’s en dokter, begraffenissen, oer lytse negoasje, boeren, opskepperij:
koartsein kroechferhalen. Sadwaande giene de gearstallers nei in noflik petear en in bakje mei in DVD en skript riker wer op hûs oan.

Foar de bijdragen fan Sterk Staaltsje waard op 20 juli dan ek it earste bûsboekje oan Jan en Marijke oanbearn. It is in prachtich bûsboekje 2024 wurden: ‘stjerrende wier, heite!’

© Copyright JM Teaterwurk 2024