Scenarioskriuwer/filmer Rutger Veenstra hat in prachtich ferhaal skreaun foar in koarte film, dy’t op it Noordelijk Filmfestival yn Ljouwert yn novimber fertoand wurde sil. Nei de dûns giet oer Gjalt en Anke, in boere-echtpear dat buorket op in pleats yn Fryslân. Anke dementearret en Gjalt wol har net yn in fersoargingstehûs ha. Hy soarget sels foar har, mar dat wurdt sa stadichoan foar allebeide swier en hy nimt in beslút. Jan en Marijke ha foar dizze film trije dagen yn ‘t spier west.